- Kaarten
- Lijst
Praat mar wer Frysk
09-04-2022 • 3 reacties • • De toekomst van het Fries
Yn de omgong fan Friezen ûnder elkoar wurdt it Frysk hieltyd minder praat, troch de oanboazjende oerhearsking fan it Nederlânsk. Dy komt, njonken it taalgebrûk yn de media, troch nij-ynkommelingen mar ek troch Fryske âlden dy't de taal net trochjouwe. Dat is faak it gefal by âlden dêr't mar ien Frysktalich fan is. It Frysk kin men dêrom op it heden wol resessyf neame. De Friezen binne wiis genôch mei harren taal, sa docht hieltyd wer út ûndersiken bliken; dat, dêr leit it him net oan. Mar se doare him hieltyd minder te brûken. En dêrtroch giet de kwaliteit derfan ek efterút. Want, oars as mei in boesgroentsje, in taal slyt just as dy nét brûkt wurdt. Sa wurdt it fansels net wat mei 'it Frysk as ien fan de Europeeske talen'.
Dêrom is in oar hâlden en dragen fan de Friezen nedich, dêr't ik yn it ramt fan de Kulturele Haadstêd ta oproppen haw. Ik krige der wol omtinken foar yn de media - sjoch: https://www.itnijs.frl/2018/01/haw-wille-mei-it-frysk-yn-it-jier-fan-de-kulturele-haadsted/ en de fierdere ferwizings - mar in protte neifolging liket myn oprop net krige te hawwen.
In promoasjekampanje soe fertuten dwaan kinne en kreëarje in better klimaat mei geunstigere omgongsfoarmen foar it Frysk. Dat soe in SIRE-eftige kampanje wêze moatte, dy't wiisd op de eigen ferantwurdlikheid fan alle Friezen - oft hja no fan hûs ús Frysktalich binne of net - om ús taalerfskip te behâlden. It soe dêrmei wer folle normaler wurde moatte - en dus perfoarst net ûnfatsoenlik, wat minsken no gauris miene - om mei in petear yn it Frysk út ein te setten as jo in ûnbekende - ynformeel of saaklik - moetsje: eigen taal earst (gronologysk besjoen). Dat fansels sûnder minsken bûten te sluten. Mar wa't it Frysk noch net goed behearsket, kin dêr by holpen wurde, lykas hjirre beskreaun: https://www.stipe.frl/projecten/wy-jouwe-elkoar-de-fiif. Der moat rûnom entûsjasme ûntstean om mei-elkoar de taal wer mear te brûken en sadwaande oerein te hâlden en troch te jaan oan folgjende generaasjes. It moaie is dat elkenien dêr alle dagen eins sûnder al tefolle ynspanning oan bydrage kin: dit is ommers no ris wat dat mei sizzen al te dwaan is.
Om it safier te krijen is earst al in kampanje nedich yn de Fryske massamedia (telefyzje, radio, nijsblêden, ynternet) mei fansels ynset fan de sosjale media. Foar in bedrach fan 15.000 euro is sa'n promoasje-aksje wol te realisearjen. Mediabedriuwen kinnen yn de mande mei frijwilligers fan de Ried fan de Fryske Beweging stal jaan oan in besteklike kampanje. It doel is om safolle mooglik Friezen te berikken, it beëage effekt is dus wiidfiemjend en giet sels oer de provinsjegrinzen hinne.
Der op út! (Ontdek en Beleef Fryslân)
07-04-2022 • 1 reactie • • De toekomst van het Fries
Sûnt 2016 ûntwikkelt Stichting Mearslach yntegrearre, meartalige projekten foar it basisûnderwiis.
Mei as doelstelling: De Fryske taal in normaal plak jaan yn de deistige praktyk yn it ûnderwiis yn Fryslân. Sjoch foar de besteande projekten op www.mearslach.nl
Us nijste produkt is it lesboekje 'Der op út! (Ontdek en Beleef Fryslân)''
Ynhâld fan it boekje:
De befreone famylje Jacobs út Limburg komt dizze simmer mei de caravan nei in camping yn Grou. Johan en Amarins de Haan wolle mei harren bern - Sander, Anita en Alwin - de Limburgers sjen litte hoe moai Fryslân is. Alwin - learling yn groep 8 - kin him tariede om in goede gids te wurden troch oan 'e slach te gean mei in grut tal ûnderwerpen oer de yn Fryslân sprutsen talen, de Kultuer en Natuer yn Fryslân yn it lesboekje 'Der op út!'
Doel
Safolle mooglik learlingen - krekt as Alwin - oan it wurk te krijen mei de 22 opdrachten yn it meartalich lesboekje.
Hoe wolle wy dat berikke?
Wy wolle oan alle ± 400 basisskoallen elk 40 eksimplaren fan it lesboekje tastjoere. Krekt sa as wy dat yn 2018 dien hawwe mei it boekje 'Esther, in dapper Joadsk famke!' Dat wie doe mooglik troch in spesjale subsydzje fan Provinsje Fryslân. Troch subsydzje fan it V-fonds yn Utert hawwe wy yn 2020 oan alle skoallen 40 eksimplaren tastjoerd fan 'Sis my wa' t ik bin'.
Kosten
Foar it printsjen en ferstjoeren fan 16.000 boekjes binne de kosten ± 14.775 Euro.
Fryske rap entûsjasmearret de jongerein
06-04-2022 • 5 reacties • • De toekomst van het Fries
Hiphop is tsjintwurdich sawat it meastbeharke sjenre yn de wrâld, alhielendal ûnder jongerein, mar yn it Frysk is it hast net te finen. Dit wylst Fryske rap just oan jongerein sjen litte dat it Frysk net "âldfrinzich"/oubollig hoecht te wêzen. It kin Frysk op ‘e kaart sette as modern, brûkber en berikber foar elkenien.
No wol it gefal dat we ús op in momint befine dat er dochs in hantsjefol Frysktalige rappers dwaande binne. Yn febrewaris noch hat in groepke jeugd op eigen inisjatyf in oere lange in Fryske rapútstjoering op Omrop Fryslân makke: https://youtu.be/xzfj5sDCv-8.
Troch dit soart inisjativen no te stimulearjen, bestiet de kâns dat mear jongerein berikt wurde en ynspirearre reitsje om ek oan de slach te gean mei Fryske muzyk. Dat mei bêst, want de gemiddelde âldens by Frysk Sjongfestival Liet wurdt der bygelyks ek net leger op. Troch te boartsjen mei de taal - wêr’t rapteksten har prachtich foar liene - komt der taalfernijing op gong, en dat hâldt in taal yn libben.
Wêr kin in dof jild fan bygelyks € 1.500-2.000 foar brûkt wurde?
- In hiele protte! Budzjet foar fideoclips fan Fryske rappers sa as Sample Text, Súdwest Shankers, Lil Pier en evt. oaren. In foarbyld fan in resinte rapclip: https://youtu.be/sFeC16F4acQ. (Dizze jonges ha de hiele clip selsmakke en alle bykommende kosten út eigen bûse betelle. Dochs ha se der tûzenen jongeren mei berikt. Mei budzjet is der grif noch folle mear mooglik!)
- Budzjet foar promoasje fan nije nûmers, albums; fotografy foar albumcovers.
- Budzjet om optredens te regeljen en evt. materiaal dêrfoar
- Budzjet foar studiotiid mei in profesjonele producer (bygelyks by it Hitfabryk yn Gytsjerk), of just om materiaal oan te skaffen (mikrofoan, MIDI-keyboard ensafh.) foar eigen produksje, sa’t tsjintwurdich gebrûklik is.
- Plus, as ien jild beskikber stelt is dat ekstra motivaasje om produkten del te setten fan in sa heech mooglike kwaliteit.
De effekten binne miskien net direkt yn de fysike wrâld te merken, mar wol digitaal. Mei Fryske rap(clips) wurdt it Frysk mear sichtber online, op YouTube, Instagram, TikTok ensafuorthinne. De jeugd wit úteinlik sels it bêst hoe’t it oare jeugd berikt, mar it ûntbrekt harren gauris oan finansjele middelen. De kreativiteit, de nocht en de ambysjes binne der: no noch de stipe.